Tip
Een tip of adverteren? Neem dan contact op met info@persbureau-ameland.nl.
Wat kiesto yn 18.3 sekonden?

LEEUWARDEN – Kampanje Fryske provinsjale ferkiezingen út ein set
Kommissaris fan de Kening John Jorritsma joech hjoed it startsein foar de provinsjale ferkiezingskampanje Wat kies jij in 18.3 seconden / Wat kiesto yn 18.3 sekonden? Dat die er yn ‘e mande mei studinten Bestjoerskunde fan de Thorbecke Academie, dy’t de kampanje mei-ûntwikkele ha. De ferkiezingen foar Provinsjale Steaten binne op woansdei 18 maart 2015.
De studinten ha test hoe lang oft it ynfoljen fan in stimbiljet yn trochsneed duorret. Neffens harren wie dat 18.3 sekonden. Yn dy tiid kin immen dus ynfloed ha op it provinsjaal belied. It tiidkonsept waard de reade tried fan de ferkiezingskampanje en is keppele oan stikeljende stellingen út de stimhelp ‘De Stem van Fryslân / De Stim fan Fryslân’. Dy stimhelp stiet fan no ôf op www.stemmeniszogedaan.nl en lit sjen hokker partij oft it bêste by jins stânpunten past.
It ‘testfilmke’ fan de 18.3 sekonden is ûnderwilens fia social media (#zogedaan) ferspraat. De studinten roppe dêrby oaren op om sjen te litten wat hja yn 18.3 sekonden dwaan kinne. Yn ‘e oanrin nei de ferkiezingen op 18 maart 2015 is de ferkiezingskampanje rûnom yn it strjitbyld te sjen, de social-media-aksje kriget ek in ferfolch. Kommissaris fan de Kening John Jorritsma sette by de lansearring syn oprop al op Twitter: ‘Yn 18.3 sekonden kinsto Fryslân feroarje!’
Mear ynformaasje oer de kampanje en/of de ferkiezingen: www.stemmeniszogedaan.nl