Old Frisian Summer School giet troch yn 2021

LJOUWERT – Fan 4 oant en mei 10 july 2021 fynt de twadde edysje fan de Old Frisian Summer School plak yn Ljouwert. De simmerskoalle wurdt organisearre troch Oxford University en de oplieding Frysk fan de Ryksuniversiteit Grins. De earste edysje wie yn 2019, yn Oxford. De twadde edysje fan de Old Frisian Summer School stie plend foar juny 2020, mar koe troch de koroanabeheinings doe net trochgean. Ditkear giet de simmerskoalle hoe dan ek troch, om’t dy ek folslein digitaal folge wurde kinne sil. De simmerskoalle is rjochte op nasjonale en ynternasjonale studinten en promovendy.

Meidoggers krije yn fiif dagen in steamkursus Aldfrysk, oan de hân fan in tema. It tema is ditkear: "Old Frisian and its Neighbours”. Hoe gienen de sprekkers oan de rânen fan midsiuwsk Fryslân om mei taalferskaat? En hoe feroaren de taalgrinzen troch de tiid? Fryslân wie doe folle grutter en omfieme ek grutte parten fan Hollân, Grinslân en Noardwest-Dútslân. De ôfrûne dagen wie der yn de media noch omtinken foar nije oanwizings dat yn Súd-Hollân ek Fryske taalmienskippen west ha moatte. De meidoggers gean der tuskentroch en op de ôfslutende sneon op út om ek in yndruk te krijen fan de Fryske kultuer, skiednis en lânskip.

By de simmerskoalle komme tal fan ynternasjonale eksperts oan it wurd, út eigen lân mar ek út Dútslân, Ingelân en de Feriene Steaten. Foar de Old Frisian Summer School wurkje RUG en Oxford University gear mei de Fryske Akademy, Tresoar en Campus Fryslân. It inisjatyf wurdt stipe troch de Ottema Kingma Stichting en it Frysk Genoatskip.

Mear ynformaasje is te finen op de RUG webside. De simmerskoalle is tagonklik foar BA/MA en PhD-studinten mei in ynteresse yn (Ald-)Germaanske talen.

Bron  Rijksuniversiteit Groningen

Jeanet de Jong
Jeanet de Jong

Jeanet de Jong stopt op 31 augustus 2023 met haar Persbureau Ameland. De nieuwsvoorziening wordt onder dezelfde naam, met een ander logo en andere opmaak als nieuwsblog voortgezet door een externe partij. De mailadressen gekoppeld aan de website verdwijnen.

Artikelen: 18280

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *